Nynke Laverman bringt oade oan it Waad

19 okt 2018 - 23:00

Nynke Laverman bringt mei har nije nûmer 'On the Edge' in oade oan it Waad. It is it temaliet fan de natoerfilm WAD: Overleven op de grens van water en land, dy't op 1 oktober yn premjêre gie. Yn de fideo sitte bylden fan de film fan Ruben Smit, mar ek nij byldmateriaal.

Laverman hat it nûmer ôfrûne simmer opnommen mei Lavinia Meijer en Omnivorous Music Strings.

Nynke Laverman: "De tekst ferwurdet it tema fan de film, dat alles mei-inoar ferbûn is. 'Mem Ierde sprekt ús moed yn: I'm in the deep of everything, I am here, you're on my skin. You are a part of everything, of every thing."

Nynke Laverman fertelde op de radio oer it nûmer

Trefwurden: 
Nynke Laverman Wad
(advertinsje)