Sanne Vermeer wrâldkampioen judo foar junioaren

19 okt 2018 - 22:36

Judoka Sanne Vermeer út Stiens is hat de titel pakt op it WK foar junioaren. Dat wurdt holden yn Nassau, de haadstêd fan de Bahama's.

Sanne Vermeer - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de gewichtsklasse oant 63 kilogram wûn Vermeer alle wedstriden mei ippon.

Vermeer, dy't ferline jier yn Zagreb sulver pakte, stie yn de finale tsjinoer Lærke Olsen út Denemarken. Ek dy wedstriid wûn se op ippon, nei't Olsen op de rêch lei en net mear út de greep fan Vermeer komme koe.

Yn 2015 wûn Vermeer ek al goud op it WK foar judoka's ûnder de 18 jier.

Trefwurden: 
judo Sanne Vermeer
(advertinsje)