UNIS Flyers fierstente sterk foar Tilburg Trappers

19 okt 2018 - 22:18

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe freedtejûn in meunsteroerwinning boekt yn de bekerwedstriid tsjin de Tilburg Trappers. Yn iisstadion Thialf wûnen de Feansters mei leafst 10-0.

Foto: Martin de Jong

Yn de earste perioade gie UNIS Flyers sterk fan start. Doelpunten fan Bezak (twa kear), Nijland en Wurm soargen foar de 4-0 foarsprong. De Flyers rûnen dêrnei al gau út nei 8-0. Tilburg Trappers wie ek yn de tredde perioade kânsleas; troch goals fan Den Edel en Van Aalderen waard de einstân úteinlik 10-0.

Noch in bekerwedstriid

Snein komt UNIS Flyers wer yn aksje, en dan ek wer yn 'e beker. De ploech moat dan ôfreizgje nei Limboarch foar de wedstriid tsjin de Eaters Geleen.

Foto: Martin de Jong
(advertinsje)