Sealfuotbalsters Drachtster Boys ûnderút tsjin TPP Rotterdam

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys binne freedtejûn mei romme sifers ûnderút gien tsjin TPP Rotterdam. Yn 'e seal yn Drachten ferlearen de fuotbalsters fan de gasten út Súd-Hollân; de einstân wie 1-5.
© twitter @dftda1
Aruni Westerhout-Slagter soarge krekt foar de ein fan de earste helte foar it earste doelpunt. Nei it skoft waard TPP Rotterdam better en better. Goals fan Bakker, Schols en wer Bakker soargen foar de 1-3 tuskenstân yn it foardiel fan de besikers. El Byar en Bakker makken hjirnei oan de ein fan de wedstriid dien wurk foar de Rotterdammers.