SC Cambuur pakt thús tsjin Helmond lang om let wer winst

Nei trije nederlagen op rige hat Cambuur wer ris wûn. Thús tsjin Helmond Sport wie it net altyd goed, mar de Ljouwerters wûnen wol dik fertsjinne: 3-1. Kevin van Kippersluis skoarde twa kear yn de earste helte. Flak foar it skoft die Helmond wat werom. Yn de twadde helte soarge Nigel Robertha foar de 3-1.
SC Cambuur pakt thús tsjin Helmond lang om let wer winst
Cambuur fiert de 1-0 © www.orange-pictures.nl
Cambuur begûn goed oan de wedstriid. Ciganiks skeat yn it sydnet, Mathieu rekke mei in ôfstânsskot de latte en Helmond-doelman Van Gassel koe in kopbal fan Robertha noch mar krekt keare.
Nei in lyts healoere moast Xavier Mous foar it earst rêding bringe. In foarset fan Swinnen skeat troch, mar Mous koe de balle fuortbokse.

Spektakulêr slot earste helte

Yn de lêste acht minuten foar it skoft gie it hurd. Conraad snie nei binnen ta en joech de balle oan Robertha oan de linkerkant. Syn lege foarset waard fan rjochting feroare, mar de balle foel presys foar de fuotten fan Kevin van Kippersluis. Dy skeat de 1-0 binnen.
In pear minuten letter soarge dyselde Van Kippersluis ek foar de 2-0, diskear nei in foarset fan Mathieu. Van Kippersluis glied de balle efter Van Gassel, mar rekke dêrby wol blessearre oan syn earm.
2-0 wie net de stân by it skoft. Yn de blessueretiid joech Naudts in lange balle en Zwanen skeat raak.
Betiid yn de twadde helte kearde Mous in hurde, lege frije traap fan Zeldenrust. Cambuur wie mear oan de balle, mar Helmond wie al gefaarlik yn de counter.
Nei in lyts oere spyljen fergrutte Nigel Robertha de marzje wer ta twa. Boerlage sette de spits moai frij foar de Helmond-goal en dy makke der 3-1 fan. Dyselde Robertha makke rap dêrnei ek hast de 4-1, mar no koe Van Gassel wol rêding bringe.
Yn it lêste kertier fan de wedstriid kaam Helmond noch in pear kear gefaarlik foar de goal fan Mous, mar skoare dienen de Brabanners net mear.

Op besite by koprinner

Lang om let wer ris trije punten foar de ploech fan René Hake. De lêste kear wie op 14 septimber, thús tsjin Telstar. Cambuur stiet no op it sânde plak yn de earste difyzje. Takom wike sille de Ljouwerters op besite by koprinner Go Ahead Eagles.
Kevin van Kippersluis
Kevin van Kippersluis
René Hake
René Hake
SC Cambuur - Helmond Sport 3-1 (2-1) 38. Kevin van Kippersluis 1-0, 42. Kevin van Kippersluis 2-0, 45+1. Bram Zwanen 2-1, 59. Nigel Robertha 3-1
Opstelling Cambuur: Mous; El Baad, Mbende, Schilder, Van Wermeskerken; Conraad (78/Kallon), Ciganiks (68/Schils), Boerlage; Mathieu, Robertha, Van Kippersluis (46/Rossi)