Hearrenfeanfroulju komme net ta skoaren yn Hengelo

19 okt 2018 - 21:40

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat freed gelykspile tsjin FC Twente. Op sportpark 't Wilbert yn Hengelo einige de wedstriid sa't dy begûn: 0-0.

Fenna Kalma, doe't se noch gjin read krigen hie - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de earste helte kamen beide ploegen net ta grutte kânsen. Hearrenfean-doelfrou moast wol in pear kear yn aksje komme, mar hie it net hiel dreech.

Nei in lyts kertierke yn de twadde helte skeat Twente-spylster Renate Jansen de bal yn it sydnet fan Hearrenfean. Fierder bleau it in wedstriid sûnder grutte kânsen.

Yn de blessueretiid krige Hearrenfeanspits Fenna Kalma har twadde giele kaart fan de wedstriid. Sa beëinige Hearrenfean dus de wedstriid dus mei tsien spylsters,

(advertinsje)