Listlûkers Noardeast-Fryslân jouwe ôftraap foar ferkiezingskampanje

19 okt 2018 - 21:15

De njoggen listlûkers fan Noardeast-Fryslân hawwe freedtejûn yn Dokkum it startsein jûn foar de ferkiezingskampanje fan de weryndielingsferkiezingen fan 21 novimber. Se diene dat troch tagelikertiid de stimwizer foar de ferkiezingen yn gebrûk te nimmen. Dat koe sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. De measte listlûkers kamen kreas út by de eigen partij, al wie dat lang net altyd foar de folle 100 persint.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De earste ferkiezingsmerk yn it gemeentehûs fan Dongeradiel luts benammen minsken dy't al polityk aktyf binne. De dielnimmende partijen sille der de kommende tiid noch stevich oan lûke moatte om de kiezers nei de stimbus te lûken, want de opkomst is tradisjoneel net heech by weryndielingsferkiezings.

Hast allegearre manlju

De trije fúzjegemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân sille dêrom ek kampanje fiere foar de ferkiezingen sels. Se dogge dat ûnder oare mei filmkes op sosjale media. De ôfrûne dagen is fan alle njoggen listlûkers in filmke op YouTube pleatst. Wat dêrby opfalt is dat it hast allegearre manlju binne: allinnich de PvdA hat in froulike listlûker yn de persoan fan Gryte Schaafstal út Kollumersweach.

Net bekend bûten eigen gemeente

Foar Schaafstal, mar ek foar de oare listlûkers wurdt it benammen in útdaging om bekender te wurden bûten de eigen gemeente. Dat jildt ek foar VVD'er Jelle Boerema út Muntsjesyl. As wethâlder is hy goed bekend yn de eigen gemeente, mar yn Dongeradiel en Ferwerderadiel is dat noch folle minder.

Ek opfallend is dat der mar leafst fjouwer pleatslike politike formaasjes oan de ferkiezingen meidogge: Gemeentebelangen, ELP-NEF, SIN en de ekologyske Waddenpartij.

Harkje nei Jelle Boerema (VVD) en trije oare listlûkers

(advertinsje)