Nederlân finalist EK kuorbal nei maklike winst op België

19 okt 2018 - 21:12

De kuorballers fan Nederlân spylje snein de finale op it Europeesk kampioenskip kuorbaljen. Tsjinstanner yn dy finale is Dútslân. Yn de heale finale yn Sportstêd Hearrenfean wie Nederlân fierstente sterk foar België. It waard 22-9 foar de ploech fan bûnscoach Wim Scholtmeijer.

Erwin Zwart yn it oranje mei nûmer 13 - Foto: www.orange-pictures.nl

België hie yn de pûl fan Dútslân ferlern. Sadwaande kaam de fiiffâldich nûmer twa fan de seis Europeeske kampioenskippen oant no ta tsjin seisfâldich kampioen Nederlân út. Yn it earste kwart fan tsien minuten wiene de beide ploegen oan it ôftaasten. Oranje wie wol de boppelizzende partij, mar koe mar min de koer fine. Mei in 5-3 foarsprong koe it twadde kwart begjinne.

Grutte LDODK-produksje

Dat twadde kwart waard mei 7-2 wûn troch Nederlân. De stân by it skoft wie sadwaande 12-5 foar de Oranje kuorballers. Marjolijn Kroon fan LDODK makke trije doelpunten, har ploechgenoat Erwin Zwart twa.

Foto: Dijks Fotografie

Yn de twadde helte wie it spul fan Nederlân folle dominanter. Mei sân doelpunten op rige waarden de Belgen yn it tredde kwart teplak setten. By de stân 19-5 kamen der dochs noch twa skoares fan België: 19-7.

De goals yn it lêste kwart wiene djoer. Nederlân makke der trije, België twa. De einstân 22-9.

Finale tsjin Dútslân

De twadde heale finale gong tusken Dútslân en Portugal. Healwei wie it 10-5 foar Dútslân. Yn de twadde helte waard it gat hieltyd grutter. Dútslân wûn mei 20-10 en mei it sneintemiddei opnimme tsjin Nederlân.

De striid om it brûns tusken België en Portugal begjint snein om 14.00 oere.

Om 16.00 oere is de grutte finale tusken Nederlân en Dútslân. Der wurdt opnij spile yn Sportstêd Hearrenfean.

Foto: Omrop Fryslân, Koos Wieling
Trefwurden: 
kuorbal EK
(advertinsje)