Iepenloftspul fan Jorwert is grutte winner fan Gouden Gurbes

19 okt 2018 - 21:07

Se wiene út de skroeven, spilers en oare meiwurkers oan it iepenloftspul fan Jorwert. It stik De famylje Bellier krige in Gouden Gurbe foar de bêste haadrol, bêste foarstelling en it wûn de publykspriis. Noch nea earder wûn ien iepenloftspul yn ien jier de priis foar bêste foarstelling en de publykspriis. Fierder wiene der ek noch twa nominaasjes foar Jorwert.

Foto: Omrop Fryslân

Ik bin der suver emosjoneel fan.

Regisseur Ekko de Bakker

De famylje Bellier giet oer in famylje dêr't heit, mem en de soan dôf fan binne. Allinne de dochter, Famke, kin hearre. It docht bliken dat sy ek geweldich moai sjonge kin. Se wrakselt mei it langstme nei los te brekken, har frij te sjongen en de bân dy't se hat mei har famylje. Se fungearret as skeakel tusken de hearrende wrâld en har âlden.

Jorwert sette de foarstelling del mei njonken de spilers in grut gelegenheidskoar. Regisseur Ekko de Bakker wie oandien troch it grutte sukses. "Ik bin der suver emosjoneel fan." Foaral de Gouden Gurbe foar haadrolspylster Doete Stenekes die him goed. "Ik wit hoe hurd se wurke hat. Se fertsjinnet it."

Doete Stenekes, bêste haadrolspiler - Foto: Omrop Fryslân

De sjuery, dy't bestie út Nieske Ketelaar, Popke van der Zee en Cilla Geurtsen, kende noch trije oare Gouden Gurbes ta: de bêste byrol wie foar Herman Tichelaar, dy't de fjirde Halbertsmabroer spile yn de foarstelling Gabe Skroar yn Grou.

It byldsje foar de bêste foarmjouwing wie foar it iepenloftspul fan Burgum.

En de ekstra Gurbe dy't alle jierren takend wurdt, wie dit jier foar it grutste jonge akteartalint. Stern Kok, dy't de huoddeman spile yn it berne-iepenloftspul fan Easterwierrum gie mei dy priis nei hûs.

Cilla Geurtsen, Popke van der Zee en Nieske Ketelaar op it poadium fan de Harmonie - Foto: Omrop Fryslân

Der wiene dit jier trettjin iepenloftspullen dy't meidiene om de prizen. De spesjale Under de Toer-foarstellingen waarden net meiteld. De organisaasje rekkenet dy net ta de iepenloftspullen omdat dat in sintraal organisearre programma wie, dat ûnder de paraplu fan Kulturele Haadstêd foel.

De útrikking fan de gouden Gurbes

De bekendmakking fan de sjuery en reaksjes fan de winners

De Gouden Gurbes binne de Oscars fan de iepenloftspullen en wurde yn De Harmonie yn Ljouwert útrikt troch de Ljouwerter Krante. Tolve jier lyn is de priis betocht troch de kultuerredaksje. De Gouden Gurbes ferwize nei Gurbe, it boerke dat yn de krante kommentaar joech op it nijs.

(advertinsje)
(advertinsje)