Herman Van Rompuy priizget evenredichheid yn Rede fan Fryslân

Viglius van Aytta. De measte Friezen ha der miskien noch nea fan heard, mar dat moat feroarje. Dat fynt Herman Van Rompuy, de earste foarsitter fan de Europeeske Ried. Hy ûntbleate freed in mânsk byld fan Viglius foar de Kânselarij yn Ljouwert.
© Omrop Fryslân, René Koster
Viglius makke as Fries om utens namme as Europeesk diplomaat en rjochtsgelearde ûnder Karel V yn Brussel.
De plechtichheid gie foarôf oan de Rede fan Fryslân, dy't Van Rompuy diskear fersoarge. Dêryn sketse hy in posityf byld fan Europa en priizge er de evenredichheid: "Met extremisme is nog nooit iemand iets opgeschoten."
Van Rompuy: Rede fan Fryslân