Reuzepompoenen foar de bisten fan Dierenpark Amersfoort

19 okt 2018 - 17:50

De grutte pompoenen, dy't earder yn de etalaazjes leine fan de filialen fan griente- en fruitgruthannel Smelding yn Sint-Anne, binne dizze wike fuortjûn as traktaasje foar de bisten fan Dierenpark Amersfoort. Fersoarger Willem Verdonck fan it bistepark sprekt fan in moaie ferrassing foar de oaljefanten, prêrjehûntsjes en tigers.

De oaljefanten en Sibearyske tigers hiene de gigantyske pompoenen al gau op. De prêrjehûnen wiene wat foarsichtiger. Sy hawwe earst bot oan it snuffeljen west, foardat se oan de pompoenen doarden te begjinnen.

(advertinsje)