Auto's en frachtwein botse op elkoar op De Jouwer
Op de Sewei op De Jouwer is freedtemiddei om 16.30 oere hinne in ûngelok bard. Twa persoane-auto's en in frachtwein botsten frontaal op elkoar.
De bestjoerder fan ien fan de twa auto's is nei it sikehûs brocht. Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend.