FIDEO: Sam Lammers krijt leske oer hichtepunten út de histoarje fan Hearrenfean-Ajax

De 5-1 oerwinning mei Allbäck, de sniewedstriid mei Huntelaar of de 4-1 mei in goeie Väyrynen. It is allegear al wer efkes lyn en dêrom hat dizze generaasje fuotballers dêr fansels minder mei. Tiid om ien fan harren dat gefoel mei te jaan. Mei Hearrenfeanspits Sam Lammers sjogge we nei de hichtepunten út de skiednis fan Hearrenfean-Ajax. No ja, hichtepunten foar Hearrenfean dan.
Mei Sam Lammers sjen nei de hichtepunten út de histoarje
De wedstriid wurdt sneon live útstjoerd by Omrop Fryslân Radio en foar de wedstriid sille we foarbeskôgje op Facebook mei ûnder oaren Marcus Allbäck. De wedstriid begjint om 20.45 oere.