Smellingerlân ûndersiket mooglikheden foar fluch ynternet

19 okt 2018 - 16:45

Yn Smellingerlân komt in grut ûndersyk nei de belangstelling fan bedriuwen en bewenners foar it oanlizzen fan fluch ynternet yn it bûtengebiet. Dat hawwe de gemeente en oanbieder Kabelnoord tegearre besletten.

Glêsfezel - Foto: Shutterstock.com

Ynformaasjegearkomste

Dat betsjut dat Kabelnoord begjin takom jier begjint mei in ynventarisaasje. De oanlis fan fluch ynternet yn it bûtengebiet begjint as 60 persint fan de húshâldens him oanmeldt foar in abonnemint. De gemeente soarget derfoar dat der ynformaasjegearkomsten hâlden wurde, yn gearwurking mei de doarpsbelangen. Kabelnoord sil dan útlizze wat de bedoeling is en wat it flugge ynternet kostet.

Yn ynformaasjekrante Breeduit en online wurde de data fan dizze gearkomsten bekend makke. Op www.glasvezelvankabelnoord.nl is mei in postkoadecheck te sjen hokker adressen úteinlik oansletten wurde sille.

(advertinsje)