Anne Zernike-award foar De Knipe

07 nov 2011 - 16:45

De menniste gemeente fan De Knipe hat dit wykein symboalysk de earste Anne Zernike Award krigen.

De menniste gemeente fan De Knipe hat dit wykein symboalysk de earste Anne Zernike Award krigen. Dat wie foar it foarútstribjende beslút om 100 jier lyn Anne Zernike as earste froulike dûmny fan Nederlân te beneamen. Tagelyk is ek it Anne Zernike-fûns yn it libben roppen. Dit hat as doel froulju wrâldwiid te stypjen dy't dûmny wurde wolle yn de mennistetsjerke.

Begjin takom jier stjoert Omrop Fryslân in dokumintère út oer Anne Zernike.

(advertinsje)