Meinte Bonthuis wint eksimplaar nije 'Bosatlas van de Wadden'

19 okt 2018 - 16:12

Meinte Bonthuis fan Nes hat de Bosatlas van de Wadden, dy't tongersdei útkaam is, wûn. Yn Fryslân Hjoed joech Skylger Joop Mulder woansdei in resinsje fan it boek. Oan de ein fan de útstjoering rôp presintator Roelof Lousma op om de moaiste foto fan it Waad yn te stjoeren, om sa kâns te meitsjen op in eksimplaar.

Meinte Bonthuis - it eilân Mandø - Foto: of

Mandø

"De foto is een van het Wad tussen het eiland Mandø en het vasteland van Denemarken", skriuwt Bonthuis yn syn mail. "Het is een kiezelweg, die alleen met laag water is te berijden. Midden op het Wad stonden we stil. De rust en ruimte is niet te beschrijven. Zo mooi."

Sels komt Bonthuis fan It Amelân en hy wit as gjin oer hoe moai it Nederlânske Waadgebiet is. Mar dat koe net oan dit momint tippe.

Hy wie fansels net de iennige dy't in plaatsje ynstjoerde. Hjir noch in seleksje fan de oare foto's.

(advertinsje)