Gemeente Ljouwert oer nij Cambuurstadion: "We jouwe de moed net op"

De gemeente Ljouwert jout de moed foar it nije Cambuurstadion net op, ek al stapt Friese Poort út de plannen. Dat sei ferantwurdlik wethâlder Henk Deinum fan de gemeente Ljouwert freedtemiddei op in parsekonferinsje. "We hoopje dat we troch kinne", sei Deinum. "Mar op dit momint kinne we der fierder neat oer sizze."
Parsekonferinsje Henk Deinum
It beslút fan ROC Friese Poort komt foar wethâlder Deinum as in tongerslach by heldere himel. Hy seit dat de skoalle it beslút nommen hat sûnder oerlis mei ien fan de oare partijen. "Wy binne freeslik skrokken", sei Deinum.

Net iens oer ôfspraken tydlike húsfêsting

Friese Poort wol yn 2020 út har hjoeddeistige húsfêsting oan de Wilaarderburen wei wêze, want dat is slim ferâldere. De uterste deadline wie 1 july 2021. Omdat de bou fan it nije stadion, dêr't ROC Friese Poort 7500 kante meter hiere soe, hieltyd opskode, wie tydlike húsfêsting nedich.
Friese Poort woe dat de gemeente in oerienkomst tekenje soe om de hierkosten foar har rekken te nimmen. Wethâlder Deinum seit dat de gemeente nea tasein hat om mei te beteljen oan de tydlike húsfêsting, mar meitinke soe oer oplossing.
"We ha in ferskillende ynterpretaasje fan de ôfspraken", sei Deinum. "Sy sizze dat we wat tasein hawwe, wy sizze fan net." Neffens Deinum soene de kosten fan tydlike húsfêsting komme moatte út de besteande 'businesscase', en net betelle troch de gemeente.

Wichtich foar finansiering

It oarspronklike plan wie dat it stadion op 1 july 2020 klear. Begjin dit jier waard al dúdlik dat dat net helber wie.
Omdat Friese Poort yn it nije stadion 7500 kante meter romte hiere soe, wie it in belangrike partij om de finansiering rûn te krijen.
Ynterview mei Henk Deinum

Fertrouwen Friese Poort skeind

Freedtemoarn makke ROC Friese Poort bekend dat it út de plannen foar it nije Cambuurstadion stapt. De skoallemienskip seit dat de gemeente Ljouwert ôfspraken net neikomt. De gemeente soe ferfangende húsfêsting foar ROC Friese Poort betelje, mar dêrop binne de wethâlders dizze wike weromkaam, skriuwt ROC Friese Poort. Dêrop is it fertrouwen fan de skoalle skeind en lûke se har werom út it hiele projekt.

Gjin reaksje Friese Poort

ROC Friese Poort wol foarearst net reagearje op wat der op de parsekonferinsje sein is.