Freedsmerk: "Hoe ik leef, daar heeft de overheid geen ruk mee te maken"

19 okt 2018 - 15:50

Wa't smookt, alkohol drinkt of in soad fetten en sûkers yt, krijt it dreech: it kabinet wol nammentlik hieltyd mear stjoere op in sûne libbensstyl. Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de mieningen dêroer ferdield.

Freedsmerk Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

"Wa't net sûn libbet, makket hegere soarchkosten, dy't wy mei-inoar betelje moatte. Bystjoere fyn ik dêrom prima!", wie ien fan de reaksjes.

Oaren wolle krekt sels de baas wêze oer hoe't se libje. "Daar heeft de overheid geen ruk mee te maken!" Ien frou wie sa earlik om te sizzen dat har libbensstyl net al te sûn wie. "Ik snoep te veel en beweeg te weinig, maar laat de overheid zich daar maar niet mee bemoeien, dat werkt averechts!"

In man fertelde oer it jong ferstjerren fan ferskate minsken yn syn famylje, "en dat hie ècht wol te krijen mei libbensstyl. Net elk kin blykber sels dy ferantwurdlikheid drage."

Op de freedsmerk gie it oer sûn iten

Trefwurden: 
freedsmerk sûn ite
(advertinsje)