Ljouwerter krijt boete fan 500 euro foar ferfelend gedrach en mislediging plysje

Syn ferfelende gedrach hat in 35-jierrige Ljouwerter in boete fan 500 euro opsmiten. De man wie freedtemoarn betiid ferfelend yn it útgeanssintrum fan Ljouwert.
Plysje © ANP
Doe't de plysje him der op oanspruts, misledige hy harren. De man woe dêr net mei ophâlde en waard dêrom oanhâlden. Fia fluchrjocht krige de man in boete fan 500 euro oplein. Hy mocht dêrnei wer nei hûs.