Gemeente Ljouwert jout parsekonferinsje oer WTC-beslút Friese Poort

19 okt 2018 - 14:50

De gemeente Ljouwert jout freedtemiddei om 15.30 in parsekonferinsje oer hoe't it no fierder moat mei it WTC-terrein. Oanlieding foar de parsekonferinsje is it beslút fan ROC Friese Poort om út de plannen foar it nije Cambuurstadion te stappen.

Stedhûs Ljouwert - Foto: Google Streetview

It berjocht ropt in soad reaksjes en emoasjes op, skriuwt de gemeente. It beslút fan ROC Friese Poort hat de partijen dy't meidogge oan de gebietsûntwikkeling oerfallen.

"Gemeente komt ôfspraken net nei"

ROC Friese Poort makke freedtemoarn bekend út de plannen foar it nije Cambuurstadion te stappen. De skoallemienskip seit dat de gemeente Ljouwert ôfspraken net neikomt. De gemeente soe ferfangende húsfêsting foar ROC Friese Poort betelje, mar dêrop binne de wethâlders dizze wike weromkaam, skriuwt ROC Friese Poort. Dêrop is it fertrouwen fan de skoalle skeind en lûke se har werom út it hiele projekt.

De parsekonferinsje is fan 15.30 ôf te folgjen op Omropfryslan.nl, de Omrop-app en ús Facebookside.

(advertinsje)