Skarsterrienbrêge yn A6 beheind iepen foar skipfeartferkear

19 okt 2018 - 14:46

De Skarsterrienbrêge yn de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer giet fan freed ôf beheind iepen foar skipfeartferkear. De brêge giet moarns en middeis ien kear iepen. Twa wiken lyn wie der in steuring yn de sensoaren fan de brêge. It ferhelpen fan dy steuring duorret langer as tocht.

Mei de kommende hjerstfakânsje ferwachtet Rykswettersteat, mei fanwege it moaie waar, dat der mear skipfeartferkear wêze sil. Om dy boaten dochs de mooglikheid te jaan om de brêge te passearjen, giet dizze twa kear deis iepen. Ien kear om 10.40 oere en ien kear om 14.10 oere.

Dêrby moatte dan wol twa dykynspekteurs en in steuringsmonteur oanwêzich wêze. Dy sille in ekstra kontrôle útfiere om te sjen oft de brêge wol goed ticht is. De maatregel is oant 1 novimber, nei dy datum wurdt de brêge oant 1 april net betsjinne.

De oanwizings foar skipferkear by de brêge - Foto: Jeroen Boersma, Omrop Fryslân

Sneontemoarn hiene twa boaten gjin gelok: de twa dykynspekteurs dy't oanwêzich wêze moatte, hiene tuskentroch in oare klus krigen yn Zwolle. Dêrtroch koe de brêge de earste kear net iepen.

Lestich, mar begryplik: "We woene nei Flylân, mar dat kin no foarearst net! It is goed dat der wat oan gebeurt, alinnich is it spitich dat dat krekt yn de hjerstfakânsje is", sa fertelt in frou op har sylboat.

(advertinsje)