Earste sprekoere CDA-Keamerlid Harry van der Molen sprekt oan

19 okt 2018 - 14:24

In tsiental minsken kaam ôf op it earste sprekoere fan CDA-Keamerlid Harry van der Molen. Yn Bakkerij Breimer op De Lemmer koe elkenien dy't wat regele ha woe yn de Twadde Keamer, binnen rinne. It smiet in grut ferskaat oan reaksjes op. Fan minsken dy't romte ha wolle foar lytse wynmûnen oant twa dosinten fan skoalmienskip Friese Poort dy't pleitsje foar it ôfskaffen fan toetsen.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

CDA-keamerlid Harry van der Molen hâldt sprekoere op De Lemmer

Polityk werombringe nei de boarger

Van der Molen hopet op dizze wize de polityk wer tichter by de gewoane minsken te krijen: "It is gewoan sa dat de drompel om nei Den Haag te kommen foar de 'gewoane' Fries grutter is. As je se dan opsykje, kinne se dochs har ferhaal dwaan." Van der Molen tinkt dat hy wat betsjutte kin foar de besikers: "We prate as fraksje alle tiisdeis mei-inoar. Dan kinne we saken op de aginda sette. Sjoch, in garânsje is it net. Mar as we it behannelje kinne, is der in begjin makke. Ut myn eigen hokje wei te tinken."

Lytse wynmûnen by in pleats

Ien fan de ynsprekkers, Gea Asma, pleitet foar lytse wynmûnen: "Yn Grinslân kinne boeren lytse mûnen pleatse. Je sjogge se hast net mar se bringe in soad op. Hjir mei dat net. Dat is fansels nuver, want hoe grien wolle je je enerzjy ha. Ik fyn eins dat de regels gewoan gelyk wêze moatte. No wolle je, mar meie je net."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Skaf toetsen ôf

Twa dosinten fan ROC Friese Poort pleitsje foar it ôfskaffen fan toetsen. Siemen Timmerman: "Ik jou dy jonges by my al lang gjin toetsen mear. Se leare wat se dwaan moatte. Dat kinne se dan yn de praktyk bringe. De druk fan in toets is der dan ôf en de prestaasjes gean omheech. It bedriuwslibben stipet ús. De ynspeksje fan it ûnderwiis, is dan wer in oar probleem. Dêr moat ien en oar regele wurde. We hoopje dat Van der Molen dêrby helpe kin."

Van der Molen is bekend mei it probleem: "We ha al de toetsen foar beukers ôfskaft. Je kinne hjir ek nei sjen. It giet derom dat je goed kwalifisearre minsken krije. Hjir kin ik wol wat mei yn Den Haag."

Yn petear gean?

Minsken dy't fragen, problemen of suggestjes hawwe foar de polityk, kinne tenei alle moannen op 'e kofje komme by Harry van der Molen. Belangstellenden kinne dan moarns twa oeren lang mei harren fragen by it Keamerlid terjochte. Van der Molen seit dat er syn wurk allinnich goed dwaan kin, as er wit wat der spilet by de minsken. "Dit is in moaie wize om mei-inoar yn petear te gean."

(advertinsje)