Mûzemeldpunt op 'e nij iepene fanwegen oerlêst

Troch de grutte drûchte fan ôfrûne simmer, binne der wer in soad mûzen yn it lân. Boeren binne benaud foar in nije mûzepleach. Yn 2015 soargen de bisten ek al foar oerlêst, doe't se it lân en it gers stikken frieten en sa in soad skea feroarsaken. LTO Noord krijt in soad meldingen oer de mûzen. Dêrom ha sy it mûzemeldpunt op 'e nij iepene.
Mûzemeldpunt op 'e nij iepene fanwegen oerlêst

Lân ûnder wetter

Yn jannewaris fan dit jier waarden der al in protte mûzen sjoen en nei de drûge, waarme simmer liket it no wer de ferkearde kant op te gean. Boer Miedema fan Tsjerkgaast wol dat foar wêze en is dêrom op it stuit dwaande it lân ûnder wetter te setten.
Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat mei boer Miedema fan Tsjerkgaast