Replika fan iuwenâlde ielaak ferfiert iel nei Enkhuizen
Mei yn it rom goed tûzen pûn libbene iel fart de ielaak de Korneliske Ykes II freed de Iselmar oer. Foar de bemanning is it in test om dizze simmer de oerstek te meitsjen nei Londen. Op deselde wize sa't dat om 1700 hinne dien waard.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma gie nei de ielaak
Iel nei Enkhuizen
Sustainable Eel Group
Yn Londen wurdt takom simmer it 10-jierrich bestean fan de Sustainable Eel Group fierd. Dat is in organisaasje dy't 'm dwaande hâldt mei it duorsumer krijen fan de ielsektor en it ferbetterjen fan de ielstân yn Europa.
Tusken 1730 en 1938 wie der in soad hannel tusken Londen en Heech. It doarp wie doetiids it sintrum fan de ielhannel yn Nederlân. Ut hiel Europa wei waard iel nei Heech brocht om ferfierd te wurden nei Ingelân. In aak makke doetiids in kear as sân, acht it jier de oerstek oer it Kanaal.