Olde Riekerink begjint mei selde alve as tsjin De Graafschap

Sportklup Hearrenfean begjint sneon yn de wedstriid tsjin Ajax mei deselde alve spilers as tsjin De Graafschap. "We moeten vooral als team goed spelen, dan maken we een kans." Ajax stiet mominteel twadde efter PSV, mar de top twa stekt mei kop en skouders boppe de rest út.
Jan Olde Riekerink

Goeie wedstriid

Hearrenfean spile tsjin De Graafschap in goeie wedstriid en wûn dy mei 5-0. "Ik vind wel dat we tegen ADO en De Graafschap hebben laten zien dat we een stabiel team zijn." Olde Riekerink wie tusken 1995 en 2002 en tusken 2007 en 2011 wurksum by Ajax. "Toch zie ik het als één van de 34 wedstrijden."
Sam Lammers
Sam Lammers, dy't hierd wurdt fan PSV en sadwaande syn wurkjouwer in grut plezier dwaan kin, fynt spylje tsjin Ajax altyd bysûnder. "Als je dan niet gemotiveerd bent... Stadion vol, goeie tegenstander. Dan moet je niet bang zijn."
© Orange Pictures

Blessueres

By Hearrenfean is Jordy Bruijn blesseard. Ek Doke Schmidt is noch altyd net fit, lykas de al langer blessearde Stijn Schaars en Jan Bekkema.
Ajax mist de linksback Nicolás Tagliafico, dy't in heupblessuere hat. Hakim Ziyech rekke twa wiken blesseard en is noch in fraachteken. Ek Frenkie de Jong, Noussair Mazraoui en Carel Eiting binne noch net wis oft se meidwaan kinne, sa seit Ajax-coach Ten Hag.
Opstelling Hearrenfean: Hahn; Floranus, Høegh, Bulthuis, Pierie; Rienstra, Thorsby, Vlap; Kobayashi, Lammers en Zeneli.
De wedstriid wurdt sneon live útstjoerd by Omrop Fryslân Radio en foar de wedstriid sille we foarbeskôgje op Facebook mei ûnder oaren Marcus Allbäck. De wedstriid begjint om 20.45 oere.