"Gemeentlike weryndielings min foar Fryske taalbelied"

19 okt 2018 - 11:53

Gemeentlike weryndielings pakke min út foar it Fryske taalbelied. Dat belied wurdt earder swakker as sterker, docht bliken út ûndersyk dat it ryksadvysorgaan foar de Fryske taal Dingtiid, útfiere litten hat. De provinsje hie om it ûndersyk frege.

Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Sietske Poepjes hat de útkomsten tongersdei yn ûntfangst naam. It ûndersyk rjochte him op de fúzjes fan de nije gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke en de oansteande fúzje fan Noardeast-Fryslân. De ûndersikers konkludearje dat weryndielings faak liede ta kompromissen en yn guon gefallen ta efterútgong op it mêd fan it Fryske taalbelied.

Oanrekommandaasjes

Dingtiid docht meardere oanrekommandaasjes. Sa moatte der strukturele finansjele middels komme foar de útfiering fan it taalbelied en moat de posysje fan taalamtners dúdliker delset wurde. Dingtiid sil nei oanlieding fan it rapport in rûnetafelpetear organisearje foar de belutsen gemeenten. Dat moat liede ta in offisjeel advys fan it ryksadvysorgaan.

It rapport 'De rol fan it Frysk by gemeentlike weryndielingen yn Fryslân' is hjir te lêzen (pdf, iepenet yn nij finster).

(advertinsje)
(advertinsje)