ROC Friese Poort stapt út plannen nij Cambuurstadion

19 okt 2018 - 11:37

ROC Friese Poort stapt út de plannen foar it nije Cambuurstadion. Dat makke de skoallemienskip niiskrekt bekend. Neffens de Friese Poort komt de gemeente Ljouwert de ôfspraken net nei.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

De gemeente soe ferfangende húsfêsting foar Friese Poort betelje, mar dêrop binne de wethâlders dizze wike weromkaam, sa skriuwt de skoalle. Dêrop is it fertrouwen fan de skoalle skeind en lûke se har werom út it hiele projekt.

It is in grutte tsjinfaller foar de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet yn Ljouwert. ROC Friese Poort wie yn de plannen ien fan de wichtichste hierders.

De gemeente Ljouwert sit op it stuit yn spoedberied oer de kwestje.

(advertinsje)