Swimbad Boalsert stelt gearwurking mei frijwilligersstifting út

Optisport Boalsert hat de gearwurking mei de stifting Ons Zwembad Bolsward foarearst útsteld. Reden is it plan fan de stifting om it swimbad yn Boalsert yn de takomst sels oer te nimmen. Op dit stuit wurdt it swimbad noch beheard troch Optisport, mar de gemeente wol it kontrakt mooglik nei 2021 net mear ferlingje. Neffens de gemeente is it swimbad yn Boalsert te djoer.
Swimbad Boalsert seit gearwurking mei frijwilligersstifting op
Twa jier ferlyn woe de gemeente ek al fan it swimbad ôf, mar doe koe it rêden wurde troch in flinke koarting op de subsydzje ôf te praten mei Optisport. Yn ruil foar dy koarting waard de stifting Ons Zwembad opsetten, dy't soargje moast foar 60 oeren oan frijwilligers yn 'e wike yn it swimbad. Mar dat is oant no ta net slagge. Neffens Optisport hat dat mooglik te krijen mei de eigen plannen fan de stifting.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Syds Homan fan Optisport
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Dreech om oan minsken te kommen"

De stifting Ons Zwembad sprekt tsjin dat sy mei opset sin te min frijwilligers leverje. "Wy binne as nij bestjoer noch mar in pear moannen dwaande," sa seit frijwilligerskoördinator Jacob de Groot, "en it is hiel dreech om oan minsken te kommen." Neffens De Groot kloppet it dat se in eigen takomstplan yntsjinne hawwe, mar hawwe se dat dien om't se koste wat kost it swimbad iepen hâlde wolle. En dus ek as Optisport gjin nije kans krijt fan de gemeente.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Frijwilligerskoördinator Jacob de Groot oan it wurd
Frijwilligerskoordinator Jacob de Groot © Omrop Fryslan, Wytse Vellinga

Beslút

In definityf beslút oer de takomst fan it swimbad is noch net naam. In mearderheid fan de ried liket derfoar te kiezen om net langer troch te wollen mei Optisport, sa die bliken yn de kommisjegearkomste fan ôfrûne woansdei. Mar wat der dan nei 2021 wol barre moat mei it swimbad, is noch net bekend. Neist de stifting Ons Zwembad en Optisport is der noch in tredde plan dat yntsjinne is by de gemeente. Yn dat plan soe it swimbad in soart multyfunksjoneel sintrum wurde.