Frachtweinsjauffeur dy't frou oanried, hat neat fan ûngelok fernaam

19 okt 2018 - 10:43

De frachtweinsjauffeur dy't tongersdeitemoarn trochried, nei't hy op It Hearrenfean in 63-jierrige fytster oanriden hie, hat ferklearre dat hy neat fan it ûngelok fernaam hat. It giet om in 30-jierrige sjauffeur út Apeldoorn.

Foto: Camjo Media

De frou rekke op de rotonde yn de krusing fan de Oranje Nassauleane en de Boargemaster Falkenawei ûnder de trailer. De fyts fan de frou waard hûnderten meters meisleept. De frou sels moast nei it sikehûs, mar is yntusken wer thús.

De frachtweinsjauffeur hie yn de buert fan de rotonde stiennen lost. Boufakkers joegen de plysje de gegevens troch. De frachtwein waard yn Oerisel fan de dyk helle, wêrnei't de sjauffeur heard is. Syn ferklearring is opnaam yn it proses-ferbaal. It Iepenbier Ministearje moat bepale oft de man fertochte is.

(advertinsje)