Nederlânske follybalsters mei Marrit Jasper ferlieze spannende heale WK-finale

19 okt 2018 - 09:15

De Nederlânske follybalfroulju ha de heale finale fan it WK mei 3-1 ferlern fan Servië. Yn it Japanske Yokohama koenen de follybalsters, mei Marrit Jasper fan Snits, it WK-mearke net trochsette. Yn in tige spannende heale finale wie de regearjend Europeesk kampioen krekt te sterk.

Follybalster Marrit Jasper - Foto: ANP

Marrit Jasper reagearret nei de heale finale

Servië wûn de earste set mei 25-22. Ek yn de twadde set late Servië hieltyd mei in punt of twa à trije. Mar Nederlân kaam werom. Oan de ein fan de twadde set koe Servië noch ferskate setpunten fuortwurkje, mar Oranje knokte troch en wûn de twadde set mei 28-26.

De tredde set begûn Nederlân mei in foarsprong dy't it fêsthâlde koe oant 13-13. Dêrnei lutsen de Servyske froulju de set nei harren ta en Nederlân ferlear úteinlik de tredde set mei seis punten ferskil.

Oranje hie in muoisum begjin fan de fjirde set. Nei in efterstân focht it werom nei 13-13. Fan dan ôf gie it wer lykop oant 23-23, mar doe krige Servië in matchpoint dat it daliks benutte. Mei 23-25 ferliest Nederlân úteinlik de fjirde set en dêrmei ek de heale finale.

It ferlies tsjin Servië kaam wol even hurd oan by de Nederlânske froulju, fertelt Marrit Jasper. "Het was echt flink balen, maar daar hebben we niet veel tijd voor, want we moeten morgen weer spelen om de derde en vierde plaats. Ons doel was een medaille te behalen op dit WK en daar gaan we volle bak voor."

Yn de pûl hie Nederlân noch mei 3-0 wûn fan Servië, de regearjend Europeesk kampioen. De froulju fan trainer Jamie Morrison skreaunen histoarje troch de heale finale te berikken op in WK.

Nederlân spilet sneon noch om it tredde plak tsjin de ferliezer fan de oare heale finale en dat is Sina. De striid om it goud en sulver giet tusken Servië en Italië.

Trefwurden: 
WK Marrit Jasper follybal
(advertinsje)