Hast tachtich soarten bisten fûn yn seegat tusken Skylge en It Amelân
It is drok ûnder wetter yn it Amelanner Gat tusken Skylge en It Amelân. Rykswettersteat hat yn dat seegat dit jier mar leafst 78 ferskillende soarten bisten fûn; fan fisken oant en mei sûchdieren.
Marien biolooch Cor Schipper fan Rykswettersteat seit dat it oantal yn it seegat heger leit as dat yn de Noardsee. Neffens him komt dat trochdat der yn it seegat hiel djippe geulen sitte, mar ek ûndjippe geulen. Dêrtroch siket elke soart syn eigen leefgebiet op.
Marien biolooch Cor Schipper fan Rykswettersteat
De syktocht nei soarten is ûnderdiel fan in folle grutter ûndersyk nei de gefolgen fan it stoarten fan sân yn see om de kust te fersterkjen. Sânsuppleesje hjit dat en dat gebeurt al hiel lang. Wittenskippers hawwe de earste resultaten fan it ûndersyk fan 'e wike mei-inoar besprutsen.
It ûndersyk wêrby't de 78 soarten fûn binne, waard fan 'e maitiid útfierd. Dêrnei is der in hiel soad sân stoarten en yn jannewaris 2019 sjogge ûndersikers wat de gefolgen dêrfan binne. Sy hawwe de ôfrûne moannen neitocht oer wat der gebeure kin.
Se hawwe net allinnich gegevens brûkt út it ûndersyk fan fan 'e maitiid. Foar oare ûndersiken wurde bygelyks seehûnen en klikstirnzen mei stjoerderkes folge en dat smyt ek in ien en oar op. Uteinlik libje al dy soarten ûnder en boppe wetter net apart fan elkoar, mar kin de iene net sûnder de oare bestean. De iene soart is bygelyks fretten foar de oare soart.