Kollum: "Sirkus"

19 okt 2018 - 07:28

"Ik betocht my fan 'e wike dat sawol team Jenny, as team Jerry fan 'Kick Out Zwarte Piet' wolris yn deselde pakjesboat sitte kinne. Want wat de motiven fan beide ek binne, se steane foar eat dêr't se de nekke ek foar út doare te stekken.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Dochs wie Jerry net fan doel nei Dokkum te gean. Boargemaster Waanders hat de oanset dien ta in earste petear, sjoen de WOB-gegevens dy't opfrege binne. Ut it, fierder fatsoenlike, hinne en wer mailen falt ûnder oare op te meitsjen dat de anty-Pyt-beweging net in soad fertrouwen yn boargemasters hie en de petearen neffens harren allinnich mar bedoeld wiene om goede sier in de media te meitsjen. Se wurdearje it lykwols wol hoe't Waanders har útsprutsen hat.

It mailferkear begûn al yn septimber, wylst de oankundiging fan de demonstraasje trije dagen foar de yntocht yn 'e lokale krante kaam. Dêryn stie dat de Stichting Nederland wordt Beter it wykein foar de 15e in meidieling stjoerd hat dat se gebrûk meitsje woene fan it grûnrjocht om te demonstrearjen mei de yntocht, wylst de deal al op 7 novimber rûn wie. "De gemeente moet dat mogelijk maken, maar stelt daar wel voorwaarden aan. De belangrijkste voorwaarde is dat de intocht niet wordt verstoord", stiet derby. Mar Stichting Nederland wordt Beter hie op 25 septimber sels ek al in pear betingsten want oars woene se har iens net beskikber stelle.

Neffens Constant Kusters fan de ekstreemrjochtse partij Nederlandse Volks-Unie hie Waanders harren as tsjinprotest útnûge mar dêr hiene sy gjin belang by. Michael van Z. fan de Grauwe Eeuw, dy't as 'ludike' aksje in oprop op in besletten facebookside dien hie om in oanslach op Sinteklaas te dwaan, soe ta ferheging fan de feestfreugde ek noch by KOZP yn 'e bus stappe. Dêr hat de plysje úteinlik in stokje foar stutsen.

It soarge foar in soad ûnrêst en de geroften wiene dat Sinteklaas in kûgelfrij fest oan ha soe. De Dokkumers seagen it Sinteklaasfeest besoarge temjitte en de emoasjes rûnen heech op èn net allinnich yn Dokkum! Doe tocht Jenny: "Bliksum Piebe! Dit kin wolris op 'e harses ferkeard komme!" Se wie bang dat it dêr flink útnaaie soe mei de yntocht.

Sa'n demonstraasje hearde neffens har en in soad oaren ek net by in bernefeest en doe hat se de oprop foar in 'langzaamaan-actie' op Facebook setten, gjin blokkade. Neidat de plysje by har oankloppe, hat se it derôf helle mar guon oaren hawwe it idee al útfierd. De feilichheid fan de bern stie ûnder druk en de ûnfrede oer it optreden fan Waanders wie grut.

Mar fan hokker kant je it ek besjogge, team Jenny en Jerry binne nei myn idee beide de dupe wurden fan ûnder oare it hanneljen fan Waanders en Twan Huys en konsorten, dêr't de media happich op ynspilet. Jenny is in held of in rassist, Jerry in held of terrorist en se wurde omraak tsjin elkoar útspile. Minsken roppe, raze en balte mar wy binne hjir echt wol al te al te! Neffens my hat de boargemaster dat nochal ûnderskatten en hoe mear ynformaasje der boppe kaam, hoe striidfeardiger de Friezen waarden.

It sirkus is noch net ôfrûn want de rjochter docht op 9 novimber útspraak oer de straffen dy't it OM de blokkear-Friezen oplein hat. Ik hoopje dat de rjochter goed neitinkt oer wa't no eins echt it 'brein' achter dizze opskuor is en har ferantwurdlikheid foar de feiligens oerlitten hat oan in oar. Want neffens my begjint it ferhaal sa: "Der wie ris in boargemaster..."

En miskien wie it allegear wol hiel goed bedoeld, hear, mar dat wiene de bedoelingen fan de blokkear-Friezen úteinlik ek."

(advertinsje)