UPDATE: File troch ûngelok mei frachtwein, sjauffeaur komt mei skrik frij

Ferkear dat fia de A32 fan It Hearrenfean nei Ljouwert ried, moast freedtemoarn by Werpsterhoeke rekken hâlde mei opûnthâld. In frachtwein wie dêr moarns betiid rjochttroch riden en fan de dyk rekke. Ien fan de rydstroken rjochting Harns waard ôfsletten en dêrtroch ûntstie der in file.
De sjauffeur kaam mei de skrik frij, hy hold der allinnich in dikke lippe oan oer. De frachtwein moast fuortsleept wurde.