Lutz Jacobi krijt earste eksimplaar 'Bosatlas van de Wadden'
Lutz Jacobi, direkteur fan de Waadferiening, hat tongersdei it earste eksimplaar fan de 'De Bosatlas van de Wadden' yn ûntfangst nommen.
"Der binne allegear boeken oer it Waad en sûnt koartlyn ek in film, mar in yntegraal totaaloersjoch fan alles dat it gebiet sa boeiend makket ûntbruts noch. Dizze atlas jout dat oersjoch", sei Jacobi.
Yn dizze atlas steane hûnderten kaarten, yllustraasjes en foto's.
Der binne mei elkoar 31 boskatlassen. Fryslân hat der no twa: fan Fryslân en no dus ek fan it Waad.