F)rede fan Fryslân yn filmke: "Wy binne Fryslân, allegear tegearre"

18 okt 2018 - 22:41

Wy binne gewoan ferskillend, mar tegearre moatte we in paad sykje. Dat is it boadskip fan filmke, dat F)rede fan Fryslân op Facebook stean hat. Ferskate Friezen roppe op om better mei inoar om te gean.

Yn it filmke komme njonken 'gewoane' Friezen ek bekende Friezen oan it wurd, lykas Mirka Antolovic, direkteur fan it diskriminaasjemeldpunt Tûmba, âld-Tûmba-direkteur Ate de Jong, Sjoerd Bootsma fan LF2018 en Jacco de Boer, de presintator fan IepenUP Live.

Prate moatte we

"Ik bin Fryslân en dit is myn flagge", sizze se. Dat de Friezen tsjinoer inoar stean is neat oan, "want de razers binne oan it wurd." Yn it filmke roppe se op ta dialooch. Prate moatte we, sizze se allegear yn it filmke. "Oer de feroarings yn ús mienskip, de pine dy't dêrby heart, dat je je net heard fiele, oan hokker kant je ek stean."

Om tegearre in paad te sykjen, binne minsken nedich. "En niet talkshows die alleen maar willen scoren met oneliners en beledigingen."

Feest yn de Prinsetún

F)rede fan Fryslân hâldt takom sneon om 15.30 oere in evenemint yn de Prinsetún yn Ljouwert. Dêrby is muzyk, in rede en in digitaal boadskip. Mei it evenemint wolle de organisatoaren 'it midden' in stim jaan. "Wy wolle dat de klam leit op frijheid en mienskip", seit Oeds Westerhof, ien fan de organisatoaren. Feest foar elkenien yn in provinsje dêr't elk thús is, neame se it.

Trefwurden: 
F)rede fan Fryslân
(advertinsje)