Wiebo de Vries listlûker fan ChristenUnie yn Provinsjale Steaten

De ChristenUnie yn Provinsjale Steaten hat in nije listlûker. Wiebo de Vries fan Donkerbroek is troch it bestjoer foardroegen foar de kommende ferkiezingen, yn maart takom jier. De leden fan de ChristenUnie moatte de foardracht noch wol offisjeel goedkarre. Dat bart ein novimber op in gearkomste fan de partij.
© Omrop Fryslân
De Vries is op it stuit fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie yn 'e Steaten. Hy is yntusken sûnt 2011 Steatelid en wol him de kommende tiid ynsette foar ynvestearringen yn ynnovaasje en goede berikberheid.
It bestjoer fan de ChristenUnie kiest mei De Vries foar kontinuïteit. "We maken in de komende vier jaar nog graag gebruik van zijn brede kennis en ervaring."