Geotermysintrale net by WTC, mar by Oeriselseleane

18 okt 2018 - 22:07

De bou fan de geotermysintrale (ierdwaarmte) by it WTC yn Ljouwert is fan de baan. Dat betsjut lykwols net dat it projekt der hielendal net komt. Neffens Jan Haakma fan inisjatyfnimmer boubedriuw Dijkstra Draisma docht út nij geologysk ûndersyk bliken dat in lokaasje yn Ljouwert-súd by de Oeriselseleane geskikter is. It waarme wetter dat nedich is foar de sintrale is dêr makliker op te pompen.

As alles goed giet, set de bou fan de sintrale ein 2019 útein. Yn 2020 soe de earste enerzjy levere wurde moatte. It leveringsgebiet is tige grut: fan de wyk Nijlân fia Ljouwert-west oant Bilgaard ta.

Ek de plande nijbou yn it WTC-gebiet en it nije Cambuurstadion kinne op it net oansletten wurde. Mar foar in slutende eksploitaasje is dat neffens Haakma gjin needsaak.

Goed 70 miljoen subsydzje

De totale ynvestearring yn it projekt bedraacht sa'n 25 miljoen euro. Foar de earste fyftjin jier is in SDE-subsydzje beskikber fan goed 70 miljoen euro. SDE stiet foar Subsidie Duurzame Energie. Nei dy earste fyftjin jier moat it projekt him sels rêde kinne.

Mei geotermy wurdt waarm wetter fan grutte djipte oppompt om hûzen en oare gebouwen te ferwaarmjen. In geotermysintrale is belangryk om oerstappe te kinnen fan fossile brânstoffen nei duorsume enerzjy.

Jan Haakma oer Geotermysintrale

(advertinsje)