Boathûs foar brânwachtboat fan Tsjûkemar kin it bêst by gemaal Ychten

18 okt 2018 - 21:59

In lokaasje by it gemaal fan Ychten is it meast geskikt foar de bou fan in nij boathûs foar in brânwachtboat. Dat fynt de gemeente De Fryske Marren. De boat, dy't bedoeld is foar helpferliening op de Tsjûkemar, lei oant foar koart op De Lemmer, mar wurdt ferpleatst om de hiele mar better betsjinje te kinnen.

Foto: Wikimedia Commons

De gemeente moast in oardiel jaan oer trije mooglike lokaasjes foar it boathûs. Neist dy by it gemaal, wiene dat in haventsje yn de buert fan it gemaal en de haven fan Eastersee.

Haventsjes net geskikt

Dy lêste lokaasje is neffens boargemaster en wethâlders net ferkearsfeilich, omdat der op de tagongsdyk geregeld bern boartsje. Boppedat is de oanrydtiid langer, yn fergelyk mei Ychten.

It haventsje yn Ychten falt ek ôf foar De Fryske Marren, benammen omdat der net in soad romte is foar it boathûs. Boppedat binne der ekstra kosten, omdat in kuier- en fytspaad oanpast wurde moatte en der gjin strjitferljochting yn 'e buert is.

Rekken hâlde mei it gemaal

Der moat no in fergunning by de gemeente oanfrege wurde om definityf tastimming te krijen foar it boathûs. By it ûntwerp dêrfan moat rekken hâlden wurde mei it neistlizzende gemaal. Oant de nije lokaasje klear is leit de boat yn in boathûs yn Eastersee.

(advertinsje)