Ynbraken yn Drachten, Langsweagen en Bakkefean: plysje siket tsjûgen

18 okt 2018 - 21:18

Ynwenners fan Drachten, Langsweagen en Bakkefean waarden woansdeitejûn en woansdeitenacht opskrokken troch ferskate ynbraken. De plysje yn East-Fryslân siket minsken dy't wat sjoen of heard hawwe.

Foto: Shutterstock.com

Yn Bakkefean besocht in ynbrekker binnen te kommen yn in wenning oan de Skarkamp, mar dat slagge net.

Op De Finne yn Langsweagen en yn in winkel oan de J.G. Van Blomstraat yn Drachten makken dieven wol bút. Ut de wenning yn Langsweagen waarden laptops en jild stellen; út de Drachtster winkel waard in klûs stellen.

Trefwurden: 
plysje ynbraken
(advertinsje)