Fries om utens is nije baas reade baretten

18 okt 2018 - 21:14

Fries om utens Pieter Grijpstra is de nije kommandant fan it saneamde Regiment Stoottroepen Prins Bernhard, ûnderdiel fan de loftmobile brigade yn Assen. Grijpstra komt út Koatstertille en hat lang yn De Westereen wenne.

Grijpstra krijt de lieding oer in bataljon. Dat binne 500 militêren. De Fries is de opfolger fan Gert Strick. Dy wie tige kritysk oer de besunigings op definsje.

Der is yndie besunige, seit Grijpstra, mar hy is posityf oer de takomst. "Tritich jier lang ha we besunige. No geane we fan krimp nei groei, mar dat kostet tiid. We moatte wat geduld ha."

Trefwurden: 
Pieter Grijpstra definsje
(advertinsje)