"Eigeners hûnen op Flylân betelje yn 2019 measte belesting foar har bist"

18 okt 2018 - 20:54

No't Harns en Hearrenfean har hûnebelesting foar takom jier ôfskaft hawwe, binne der noch mar trije gemeenten yn Fryslân dêr't yn 2019 in gemeentlike heffing foar in hûn betelle wurde moat. Dat docht bliken út ûndersyk fan webside cijfernieuws.nl. Fan dy trije is Flylân mei 74,53 euro de djoerste gemeente.

Foto: Shutterstock.com

Ek Ljouwert en Smellingerlân heffe noch hûnebelesting. Yn Ljouwert giet it om in bedrach fan 65,50 euro de hûn. Hoefolle oft der yn Smellingerlân betelle wurde moat, is noch net fêststeld. Dit jier is de belesting dêr 64 euro.

Grins it djoerst

De Fryske gemeenten sitte net by de djoersten fan Nederlân. Hûnebesitters yn Grins binne it measte kwyt: 122 foar ien hûn, 302 foar twa hûnen. Ek Den Haag en Hendrik-Ido-Ambacht steane yn de toptrije.

(advertinsje)