Minister: lûd 'belevingsvlucht' net ûngebrûklik heech

It lûd dat metten is by de saneamde 'belevingsvluchten' fan Lelystêd Airport ôf wie heger as yn it foar berekkene wie. Dat joech minister Cora van Nieuwenhuizen tongersdei ta yn de Twadde Keamer. Dochs hoecht der fan har gjin nije miljeu-effektrapportaazje te kommen. Neffens de minister wie it ferskil net ûngebrûklik heech en bleau it metten lûd binnen de tastiene marzjes.
© ANP
Der wiene op 30 maaie, mei de testflecht, tweintich mjitpunten op de grûn yn it noarden en easten fan Nederlân. Op hast al dy punten gie it lûdsnivo flink troch it maksimum. It doel fan de testflecht wie dat bewenners fan de gebieten ûnder de fleanrûtes it lûd fan in fleantúch yn har eigen omjouwing ûnderfine koene.

Van Nieuwenhuizen: ferskil net frjemd

Dat der in ferskil wie, is net frjemd, seit Van Nieuwenhuizen. De testflechten wiene dien mei ien en itselde type tastel ûnder stabile waarsomstannichheden. Yn de berekkeningen gie it om ferskillende fleantugen en feroarjend waar.
Dit is pure misleiding.
Rob de Wind van Laagvliegroutes NEE
Tsjinstanners fan Lelystêd Airport wiene skokt troch de mjittings. Se binne der min oer te sprekken dat de minister it ekstra leven normaal fynt. "De minister wil het vertrouwen van de burger terug te winnen, maar ze wint het vertrouwen op deze manier juist niet!", seit Rob de Wind fan aksjegroep Laagvliegroutes NEE. "Het vliegtuig van de belevingsvlucht had geen passagiers aan boord en geen bagage. Dus produceerde het veel minder geluid dan een normale beladen kist. Dit is pure misleiding."
Dochs is it plan dat it fleanfjild yn 2020 iepen giet. Hoe wol de aksjegroep besykje dat tsjin te hâlden? "De Regiegroep, opgezet door de minister, heeft aangegeven dat eerst het luchtruim heringedeeld moet worden, voordat Lelystad Airport wordt geopend. Daar zijn wij het mee eens", seit De Wind.
De Wind komt noch mei in oprop oan de minister: "Eerlijkheid duurt het langst. We proberen op een eerlijke manier de mensen voor te lichten. Ik wil ervoor pleiten dat het ministerie ook eerlijk gaat zijn naar de miljoen mensen die onder het gebied wonen."
Rob de Wind fan Laagvliegroutes NEE