Oardel miljoen euro om waadferfier betelber te hâlden

18 okt 2018 - 20:01

De Waadeilannen kinne ynkoarten rekkenje op in bedrach fan oardel miljoen euro fan it ministearje fan Ynlânske Saken. Minister Ollongren wol de bewenners fan de eilannen temjitte komme, om't it taryf foar de feartsjinsten troch oare regeljouwing omheechgiet. De rederijen kinne mei it jild de prizen op dize wize relatyf leech hâlde.

De fearboat en wettertaksy nei It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Begjin oktober hat der in petear west mei eilânbestjoerders, oer it heger wurden fan de kosten fan it ferfier op it waad. Ynset wie it betelber hâlden fan dat ferfier foar de minsken dy't der gebrûk fan meitsje.

Goed berikber

Mei it bedrach bliuwe foarsjenningen, lykas sikehuzen en skoallen, goed berikber foar de eilânbewenners, sa seit it ministearje.

(advertinsje)
(advertinsje)