Doede Veeman hat nei 50 jier op de planken syn lêste optreden hân

18 okt 2018 - 19:02

Doede Veeman hâldt op mei publike optredens. De trûbadoer, dy't 50 jier op de planken stien hat yn ús provinsje, hat te folle lêst fan syn ûnthâld. Hy sels wie al in skoftke dwaande mei it útfinen oft it noch wol koe.

Ofrûne sneon hie Veeman in optreden yn Balk. Dêr hie hy him bot op taret en yn it foar al bepaald dat er in punt achter syn karriêre sette soe as it net goed genôch gie. It optreden gie fierders goed, mar dochs moast Veeman in pear kear op 'e nij begjinne, om't hy de tekst fergeat en in black-out krige. Doe hat hy it beslút naam: it is foarby.

Foto: Simone Scheffer Omrop Fryslân

De karriêre fan Doede Veeman begûn yn 1967 mei in kabaretwedstriid foar de Ljouwerter krante en de Rono (foarloper fan Omrop Fryslân). Hy krige in healoere radiotiid en dêrnei begûn de sjongkarriêre te rinnen.

Ferskate muzykstilen

Doede Veeman is kwa muzykstilen fan ferskate soarten. De folk wie in leafde. Hy wie belutsen by it Tsjochfestival. Ek wie de sjonger faak by protestmanifestaasjes te finen. Bygelyks tsjin de elektrisiteitssintrale by Burgum makke hy in protestliet. Hieltyd mear ûntwikkele Veeman in leafde foar de wrâldmuzyk. Mei Remolino die hy ferskate projekten op it mêd fan wrâldmuzyk.

Kabaret die Veeman ek. Yn de jierren 90 wie er aktyf by it selskip Ratatette. Veeman hat twa shows makke mei it kabaretselskip.

Doede Veeman is de lêste jierren ek bekend as ien fan de trûbadoers. Mei Piter Wilkens, Gurbe Douwstra en Jaap Louwes wie hy geregeld muzikaal op 'en paad.

Piter Wilkens en Nanne Kalma

Twa oare Fryske muzikanten, Piter Wilkens en Nanne Kalma, praten yn Fryslân Hjoed oer it beslút fan Veeman en seagen werom op syn karriêre.

Piter Wilkens hat it wol in bytsje oankommen sjoen. "Mar ik wist net dat it sá slim wie. Ik fyn it hiel spitich, mar ik fyn it ek in sterk beslút."

En it beslút past by Veeman. "Dit is hielendal hoe't Doede is", seit Nanne Kalma. "Hy hat altyd sels bepaald hoe't it gie. Dat striele er ek út: ik bepaal wat ik doch."

Op de webside fan Veeman is mear ynformaasje te finen oer de muzyk dy't Doede Veeman makke hat.

Trefwurden: 
Doede Veeman trûbadoer
(advertinsje)
(advertinsje)