Fryske 'memmetaalsprekkers' socht foar basisskoallen

Binne je it Frysk goed machtich en fine je it moai om it gebrûk fan de Fryske taal ûnder basisskoallebern oan te priizgjen? Underwiisorganisaasje Cedin en it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) sykje frijwilligers dy't learkrêften helpe wolle om it Frysk op basisskoallen oan te bieden.
Fryske flage © Shutterstock.com
Hieltyd mear basisskoallen, benammen yn grutte plakken as Snits, Drachten en It Hearrenfean, wolle mear dwaan mei it Frysk op de ûnderbou fan de basisskoallen. Der binne ek plannen om frijwilligers yn 'e midden- en boppebou yn te setten.

Mear klinke litte

In soad learkrêften op basisskoallen yn Fryslân brûke de Fryske taal te min, of binne dy net machtich, neffens de organisaasjes. Om it Frysk mear klinke te litten op basisskoallen en de bern te stimulearjen de taal te brûken, wurde frijwilligers socht. Sy sille dan yn lytse groepkes oan de slach mei de Fryske taal.