Dokkumers krije gjin straf foar besit fan speed

18 okt 2018 - 17:56

In man en frou út Dokkum binne frijsprutsen fan it besit fan hast 30 gram speed, omdat justysje de drugs net teste litten hie.

De speed wie by de minsken thús yn de kuolkast fûn, doe't de plysje op in tip ôfkaam dat se in himpkwekerij ha soene. Dat wie net sa.

De fertochten seine doe al dat de kwaliteit fan de speed net goed wie. As fertochten twivelje oer de kwaliteit en it effekt fan drugs, moatte dy ûndersocht wurde by it forinsysk ynstitút. Omdat dat net dien is, koe de rjochter gjin straf oplizze.

(advertinsje)