Lange file nei botsing tusken fiif auto's op A7 by Drachten

18 okt 2018 - 17:45

Op de A7 by Drachten binne tongersdeitemiddei yn de spits fiif auto's mei-inoar yn botsing kaam. De plysje hat fanwege it ûngelok ien rydbaan ôfsletten foar it ferkear. Dêrtroch is der in kilometerslange file rjochting Grins ûntstien op de sneldyk. Ek it ferkear op ferskate ynfalsdiken stiet fêst.

Foto: Srfotografie

It is noch net bekend oft der minsken ferwûne rekke binne by it ûngelok. De helptsjinsten binne oproppen. De tadracht fan it ûngelok is ek noch net bekend.

Trefwurden: 
Drachten ûngelok A7 botsing
(advertinsje)