De histoarje fan SC Hearrenfean - Ajax: in garânsje foar doelpunten

18 okt 2018 - 17:31

Yn it Abe Lenstrastadion stiet sneontejûn it earedifyzjeduel tusken SC Hearrenfean en Ajax op it programma. It treffen tusken beide ploegen hat yn it ferline al in soad memorabele wedstriden opsmiten. En in soad goals, want mei in gemiddelde fan 3,8 goals it duel liket spektakel sneon yn elk gefal garandearre.

It is de 30e kear dat SC Hearrenfean it yn eigen hûs opnimt tsjin de rekôrkampioen fan Nederlân. Sân kear wûnen de Friezen, it waard seis kear gelyk en Ajax luts sechstjin kear oan it langste ein. Ek it doelsaldo is mei 43 tsjin 67 goals yn it foardiel fan de Amsterdammers.

Lêste suksessen

De lêste Fryske oerwinning yn it Abe Lenstrastadion tsjin Ajax datearret alwer fan tsien ier lyn. Under lieding fan de Noarske trainer Trond Sollied waard it 5-2 foar Hearrenfean. Danijel Pranjic (twa kear), Gerald Sibon, Roy Beerens en Bruno Silva (eigen goal) wiene ferantwurdlik foar de Hearrenfeandoelpunten. Klaas-Jan Huntelaar en Luis Suárez skoarden foar de Amsterdammers.

Ek de lêste kear dat Ajax net mei trije punten yn 'e bûse nei hús gong is alwer in skoft lyn. Yn 2013 waard it nei in doelpuntryk duel 3-3. Al nei santjin minuten gongen de besikers mei 0-2 oan 'e lieding, troch kopdoelpunten fan Niklas Moisander en Kolbeinn Sigþórsson, mar noch foar it skoft bûgde Hearrenfean de efterstân om yn in foarsprong. Alfreð Finnbogason brocht de Friezen mei twa treffers op gelikense hichte, wêrnei't Magnus Wolff Eikrem de 3-2 foar syn rekken naam. Christian Eriksen makke úteinlik yn de twadde helte noch de gelykmakker foar Ajax.

Abe Lenstra

De meast legindaryske wedstriid tsjin Ajax stammet út de tiid dat SC Hearrenfean noch VV Heerenveen hjitte. De Amsterdammers stiene yn 1950 al nei in healoere mei 1-5 foar en dêrmei kaam de thúsploech noch goed fuort. Mar yn de twadde helte stie Abe Lenstra op en waard it dochs noch 6-5 foar Hearrenfean. In nije held yn Fryslân wie berne.

(advertinsje)