Skoalbern út spesjaal en regulier ûnderwiis sporte mei-inoar

18 okt 2018 - 17:07

Goed 700 bern ut it spesjaal ûnderwiis en it regulier ûnderwiis ha tongersdei mei-inoar oan it sporten west. Yn sporthallen en op sportfjilden yn Drachten, Ljouwert en Snits binne se moarns om tsien oere úteinset mei karate, squash, skermjen en noch folle mear sporten.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie by de sportdei

Doel fan de sportdei is om de bern yn de kunde komme te litten mei-inoar en mei sportferieningen. Benammen foar bern yn it spesjaal ûnderwiis blykt dat net sa maklik te wêzen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De sportdei waard organisearre troch Sport Fryslân yn gearwurking mei de Buurt Sport Coaches fan de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Smellingerlân.

(advertinsje)