Goededoelestichting Cambuur krijt fersterking

18 okt 2018 - 16:29

Seis bedriuwen en organisaasjes ferbine har oan de goededoelestichting fan sportklup Cambuur, Cambuur Verbindt. It giet om ûnder oare de gemeente Ljouwert, de Rabobank Noordwest Friesland en it Jeugdfonds Sport Friesland.

De bedriuwen wolle sa bydrage oan de maatskiplike aktiviteiten fan Cambuur, bygelyks de sportdagen foar handicapten en it Walking Footbal foar senioaren. It doel fan Cambuur Verbindt is om by te dragen oan de leefberens en de sûnens fan de ynwenners fan de gemeente Ljouwert.

(advertinsje)